Steun ons en help Nederland vooruit

woensdag 25 september 2019

De maiden speech van Bea Bijlsma

Vandaag heeft Bea Bijlsma haar maiden speech gehouden tijdens de vergadering van Provinciale Staten. Een maiden speech is de eerste speech die gehouden wordt door een nieuw Statenlid. De maiden speech is integraal terug te zien op de website van de provincie Fryslân en hieronder te lezen.

 

 

Tanke wol foarsitter,

It is in heal jier lyn dat ik in dizze seal ynstalleare bin as Steatelid; it hat in bysunder heal jier west; d’r gie in hiele nije wrâld foar my iepen. Lokkich wiene d’r in hiel soart nije leden en wie de opfang goed regele. It fielde as in waarm bad. Graach wol ik derfoar eltsenien, fan meiwurkers, griffie, kollega’s, de kommisaris en wa’t ik noch ferjit, hiel hertlik tank sizze. Dochs bliuwt it noch hieltiid wol wat wennen oan de rigeltjse, de foarm, de ofkoartings, de wollige terminologie – wurden as robuust, vitaal, veerkrachtig, adaptief – en de mate fan snelheid as just it gebrek deroan.

In oar ding wat opfalt: it wiet en druch – oeral is kofje, thee, wetter, koek, fruit, bbq, middeis- en junsiten by de rus. Jusjes minder soe miskien ek wol kinne, want as jo net oppasse binne de letterlike groeimoglikheden hjir enorm! En soe it ek foar it miljeu en de skatkist fan de provinsje better weze.

Ik bin de polityk yngean om’t ik graach mei ferantwurdlik bin foar de omjouwing weryn ik libje. Hoe mooi is het dan ik hjoed myn earste bydrage dwaan mei oer de omjouwingsfisie.

Forum hat oan jún it stuk ôf te fieren fan de agenda. En ynhâldelik binne wy it iens mei de PVV dat it stik net beslútryp is. Der binne in soad amindeminten en moasjes dat wy graach sjen dat it kolleezje it stuk werom nimme soe. Derneist kin it weardefol wêze om ferskate mieningen en fisy’s te hearren sadat it kolleezje dermei oan de slach kin.

As D66 ha wy ek in dudlike fisy oer us omjouwing:

De tiid haldt gjin skoft; mear dan ea telt no de fisy nei letter. Om Fryslan mooi te halden foar de kommende generaasjes moatte we no keuze’s meitsje. It klimaat en de natoer binne foar D66 absolute speerpunten. De blik foarut, nijsskjirrich nei de takomst en wat ús betreft is Fryslan in 2040 koprinner as it giet om sirkulaire ekonomie en binne wy enerzjyneutraal. In ús provinsje wurdt grunbun buorke op krudenriik gerslan en hawwe omtinken foar insekten en greidefugels. Wer’t agraryske undernimmers oparbeidzje mei lokale producenten om mooie, lekkere, sune en earlike produkten te meitsjen. Eigners fan wenten en undernimmers ha fia speciale regelingen sinnepanielen op de daken pleatst. En d’r bin allegear nije innovatiefe ideeen utfiert die’t us helpe yn de transysje. We bin al fier mei wetterstofenergie dy’t we sels opwekke en dat troch us eardere gasliedings nei us huzen transportearre wurdt. Us bedriuwen wurkje safolle mooglik fossylfry en dertroch ha  en halde wy goed wurk yn us provinsje. Us bern en bernsbern groeie op in in provinsje wer’t de natoer wer als eartiids groeit en bloeit, wer’t middelbere skoallen fan alle niveaus mei de fiets as emissjefrije bus goed berikber binne en mei innofaasje platforms foar WO, HBO en MBO opliedings wer’t fraagstikken van de Fryske undernimmers undersocht wurde.

Mei ús prachtige marren, bosken yn ‘e Sudeasthoeke, Waddeneilanden, grutske steden ,it oant nije bloei untwikkelde noardeasten fan Fryslan, nij oanleine hurdfytspaden, it grut netwurk fan kuierroutes en us rike kulturele oanbod bliuwt Fryslan de provinsje wer ’t goed wenjen, libjen, studearren en recreeren is!

Dat is us fisy.

De ynfiering fan de nije omjouwingswet like goed te passen by dat wy fertrouwen ha yn de kreft fan de minsken. De wet moat 26 oare wetten ferfange, it soe ienfaldiger wurde, de ynwenners soene mear en earder ynfloed krije op hun direkte omjouwing. Hawar; hoe mear ynformaasje op us ofkomt – op de ferskate ynformaasje byienkomsten; yn skreaune untwerp-fisys, hoe untrochsichtberder it liket te wurden hokker direkte ynfloed d’r foar us ynwenners oerbliuwt.

De nasjonale fisy, de Fryske fisy en aanst noch de gemeentefisy liikje hielfolle ticht te timmerjen. Wat bliuwt er oer foar meitinken/ ynfloed hawwen op de eigen omjouwing foar us bewenners.

De Fryske untwerp omjouwingsfisy – it stik wat hjoed foarleit- soe ek in stip op de horizon weze moatte. Wol doelen opstelle, mar net festlizze hoe. Want dat foarsitter, witte us ynwenners as gjin oar. Sy witte dat er ferduorsamme wurde moat; sy witte ek hoe se dat wolle, meinoar as mienskip. As oerheid moatte jo der de romte foar jaan. Net precies festlizze hoe’t saken foarm krije moatte, mar in eindoel sketse en meinoar beslute hoe/t we der komme.

Dit fertrouwen mist D66 in dizze foarlizzende untwerp-omjouwingsfisy. In fisy is in raamwurk wer je noch te meitsjen belied oan toetse. As jo yn sa’n fisy itselde sette as yn jo koalysjeakkoord, inclusyf de wize werop, dan set jo de ynwenners buten spul en dat wie no krekt net de bedoeling.

Yn  dizze fisy sjogge wy in protte detailleare aksjepunten op it med fan de enerzjietransysje en de klimaatadaptaazje; wylst oer hoe’t de leefberens op it plattelan behalden wurde kin wurdt neat konkreets sein.

Oan it untwerp  moat noch wol it ien en oar oan dien wurde. Dat sei lest de Deputearre sels ek. En D66 wol graach meitinke oer de fisy, oer wer’t we stean wolle yn 2050, mar net sa. Der lizze no safolle amendeminten en moasjes dat er tefolle feroare wurdt sunder in dudlik oersicht.

As ik it foarbyld bruke mei fan in untwerp fan in ny te bouen hus foar in wengroep; foarich jier hat de arsjitect mei it bestjoer in untwerp makke, no is in bestjoerslid ferfongen en ek troch de feroarjende tiid hat it bestjoer wat oare ideeen krigen. Op de dei dat der in klap op jun wurde moat foar it nei de bewenners giet (dy’t letter ek noch meitinke meie) kin no eltse bestjoerder noch feroarings oanbringe – in dakkapel, in oare kleur dakpan, in rutsje minder, in doar extra, noch in lytse oanbou ensf. En sunder dat d’r in nije tekening komt moat de klap jun wurde. It liket us dat we dan dochs net goed it gehiel oer sjen kenne. It hus liket in Maaslander (gatsjetsiis) mei pukkels te wurden. En wat foar romte bliuwt deroer foar bewenners om mei te tinken? Wy wolle ek wol wizigings oanbringe, mar dan earst in nije tekening. Wat us oanbelanget docht DS dit sels. Dat komt, sjoen de steun foar de al yn tsjinne amendeminten op it selde del. Allinnich ha we dan in in oersichtlik dokumint om oer te stimmen. En dernei moat ek hiel dudlik weze wer’t de bewenners noch ynfloed ha kinne. De earste pilots binne noch gjin sukses en uteinliks wolle wy dochs dat de fisy wol oan har doel foldocht.

Derom foarsitter, freechje wy each foar us ynwenners. Litte wy net foar hun ynfulle wat harren lokkich makket, mar lit we se freechje hoe’t sy har omjouwing foarm jouwe wolle. Fertrouen yn us ynwenners

Bea Bijlsma, Statenlid D66 Fryslân

Thema

Natuur en Landbouw

Stimulering van biodiversiteit, balans tussen landbouw en natuur.

Lees meer